josti5 schreef op 16 juni 2022 19:56:
Eindelijk spreekt Hans Wiegel (tussen het Fries staat óók overduidelijk Nederlands, inclusief een indirecte aanval op D666):
Hans Wiegel oer twaspjalt binnen VVD: "Ik heb grote zorgen"
Ald-kommissaris fan de Keninginne en VVD-prominint Hans Wiegel hat noed oer de twaspjalt binnen syn partij. In lytse mearderheid (51 persint) fan de leden hat har dit wykein op in partijkongres útsprutsen tsjin de stikstofplannen fan eigen minister Christianne van der Wal.
De leden fûnen dat it stikstofplan sa't dat freed presintearre waard fierstente fier giet. Yn it plan waard bekendmakke dat de stikstofútstjit yn in grut part fan Nederlân drastysk werombrocht wurde moat.
Hans Wiegel wie jierrenlang foaroanman fan de partij. "Ik heb grote zorgen over de problemen. In eerste plaats voor de boeren, die zijn het slachtoffer van al deze grappenmakerij. En voor de VVD betekent het dat er actie moet worden genomen."
Wiegel neamt de stimming fan de partijleden tsjin eigen belied seldsum. "Ik vond het heel bijzonder. Ik heb de laatste jaren bij mijn partij nooit zoiets gehoord. Alles wat de top deed, vonden ze fantastisch. Dit verheugt me."
Oer it belied fan minister en VVD'er Van der Wal wurdt binnen de partij dus net gelikens tocht, en mei de stimming tsjin de stikstofplannen komt de stabiliteit fan de koälysje faai te stean. "Rutte zal moeten aangeven wat hij wil gaan doen, en hij staat natuurlijk niet alleen. Want ook het CDA en de CU die meeregeren, die zijn ook niet zo gelukkig met dit hele gebeuren."
Hy fynt dat de partijtop him dit oanlûke moat en sjen moat nei hoe't it oars kin. "Ga ermee aan de gang, zoek uit wat hier en daar veranderd kan worden, misschien is dat wel heel veel. Men zal het anders moeten doen."